"Op Hoop fan Segen" is it oangripende ferhaal fan de see. Fan fiskerlju dy't geane, fan froulju dy't bliuwe. It is it toanielstik om de fiskerswiddo Kniertje Vermeer hinne, da't al mear as in ieu yn binnen- en bûtenlân spile wurdt. De frou, dy't únteinlik man en bern oan de see priis jout. It ferneamde stik fan Herman Heijermans lit sjen hoe't de wrâld fan fiskerlju en reders om 1900 hinne ynelkoar stiek. De fiskerman spielt oan, át er al net troch de haaien opfretten is, en de reder strykt de fersekering op. Yndied, de fisk waard djoer betelle.
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.
Besjoch meiwurkers