It is it jier 1931. De Amerikaanske skriuwer Clifford Baker komt yn Berlyn om ynspiraasje op te dwaan. Hy hiert in goedkeape keamer yn it pensjon fan fraulein Schneider en giet op âldjiersjûn nei de KitKatKlup. Hy is op útnoeging fan Ernst Ludwig, de jonge Dútser dy't er ûnderweis troffen hat. De searemoanjemaster fan de nachtklup, in riedseleftige, twaslachtige konferensier, stelt dè attraksje fan de jûn foar: de sjongeres Sally Bowles. Clifford en Sally fine inoar en al op nijjiersdei lûkt hja, tsjin syn sin, dat wol, by him yn. Twa folslein ferskillende wrâlden wurde byinoar setten. Ek fraulein Schneider, de kostfrou, hat har românse. It komt sels ta in ferloving mei de beminlike grienteman Schultz. Underwilens feroaret de tiid, in nije geast waait troch Dútslân. De nazi's litte harren hieltyd mear jilde. Ien fan de earste slachtoffers is de joadske grienteman, as se by him de glêzen yngoaie... Beide relaasjes steane swier ûnder druk yn de polityk roerige tiden. Foar de iene is it libben ien grut Kabaret, de oare kin de eagen net slute foar de realiteit. En elk lûkt syn eigen konklúzjes.
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.
Besjoch meiwurkers