Tuskentiid: de tiid fan it hjir en no ‘Tuskentiid’ (mei as ûndertitel: ‘je moatte der yn leauwe’) spilet him ôf om sinteklazetiid hinne, de tiid foar pakjes, gedichten en sûkeladeletters…Yn in Fryske stêd, dêr’t it libben gewoan syn gong giet en elk dwaande is mei syn eigen saken, strykt it mediasirkus út Hilversum del om ferslach te dwaan fan de yntocht fan Sinteklaas. Tsjin dy eftergrûn wurdt it sa stadichoan pynlik dúdlik dat elk likernôch deselde problemen hat. En dat elk dwaande is mei ‘doe’ en mei ‘letter’, mar ferjit te genietsjen fan it hjir en no, fan de tuskentiid. Tuskentiid is in stik oer leauwen: yn mearkes, jinsels, de takomst en yn Sinteklaas...
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.
Besjoch meiwurkers