Heit wol syn fiifensechtichste jierdei net samar foarbygean litte. Hy pakt út mei in grut feest yn syn hús. It mei oan neat mankeare. Mar der leit in skaad oer de dei, om't de âldste dochter har in heal jier lyn tekoart dien hat. Dochs moat it feest trochgean. De gasten krije it bêste miel, de measte drank en prachtmuzyk foarset. It haadgerjocht komt lykwols fan de âldste soan at dy in boekje iependocht oer de tsjustere kant fan heit, in kant dy't gjinien ferwachtet. Is it wier of fersint de fantasyfolle Kristian dizze ûnbekende haadstikken?
'It Feest' yn Jorwert betsjut emoasjes: lyts gûle mar ek breedút laitsje en meilibje mei de famyljeleden dy't spile binne troch âlde bekenden en de nije talinten dy't de lêste jierren flink de kop opstutsen yn de Notaristún fan Jorwert. De foarstellings fûnen plak yn de lêste wike fan augustus en de hiele moanne septimber 2010.
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.
Besjoch meiwurkers